Grutte ynset foar it oppakken fan in man dy't sloep stellen hat

10 maaie 2019 - 17:48

By de Headambrêge by Aldegea (Sm) is freedtemiddei in man oanhâlden dy't in sloep stellen hie. Ferskate organisaasjes wurken mei om de man te pakken.

Foto: De Vries Media

Foar de oanhâlding waard gearwurke troch meardere organisaasjes, wêrûnder de plysje en de skipfeartynspeksje fan de provinsje. Ek waarden in plysjehûn en -helikopter ynsetten. De sloep wie stellen op 't eilân by Goaiïngahuzen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)