Jansen: "We willen de schouders eronder zetten en heel veel succes brengen bij de club"

10 maaie 2019 - 17:18

"We willen goed afscheid nemen en we kunnen nog geld verdienen voor de club". Dat seit Johnny Jansen, de trainer fan sportklup Hearrenfean. Snein spilet Hearrenfean thús tsjin NAC Breda en as se dy winne bliuwe sy goede saken dwaan foar it banksaldo. As Hearrenfean koart efter de FC Grins bliuwt op de ranglist kin Hearrenfean sa'n miljoen euro ekstra byskriuwe dit seizoen.

Trainer Johnny Jansen rekkenet net echt mear op de play-offs. Mar neffens Jansen stiet der noch genôch op it spul: "We spelen nog wel voor heel veel geld. Als wij kort achter Groningen blijven, dan haal je veel geld binnen voor de club. En we willen deze laatste thuiswedstrijd graag goed afsluiten, mocht het zijn dat we niet verder komen. Genoeg om voor te spelen." Elk jier wurdt der in ranglist makke foar de tv-jilden. Hoe heger op de ranglist, hoe mear tv-jild foar de klup.

Aksje supporters

Twa supporters fan SC Hearrenfean hâlde snein in #doeslief-aksje rûnom de wedstriid fan de Feansters. Sy wolle mear positiviteit by de klup hawwe. Oer de aksje fan de twa supporters is Jansen tige te sprekken: "Dat vind ik echt geweldig. De laatste jaren hebben we toch wat onrust gehad en deze twee mensen zeggen 'we moeten vooruit en niet meer terugkijken'. Daar hebben ze helemaal gelijk in. We willen met z'n allen de schouders eronder zetten en heel veel succes brengen bij de club."

Jansen kin koart wêze oer de fitheid fan de seleksje. "Jizz Hornkamp is er niet bij en Ibrahim Dresevic was niet helemaal fit na de wedstrijd van maandag (de oefenwedstriid tsjin FC Emmen, 3-0 oerwinning), maar het lijkt erop dat hij gewoon bij de selectie zit. Voor de rest hebben wij iedereen fit."

"Zolang er een kans is moet je er altijd voor gaan", begjint Rienstra oer de kans op play-offs om Europeesk fuotbal. "Het moet heel gek lopen willen wij dat nog halen, zelfs als wij twee keer winnen. Theoretisch is er een kans, maar om eerlijk te zijn hebben wij het eerder al verspeeld."

Gjin sprake fan ûntefredenheid by Rienstra

Der waard fan 'e wike yn in praatprogramma fan RTV Oost sein dat Rienstra it net nei syn sin hawwe soe by Hearrenfean. Dêr is neffens de middenfjilder gjin sprake fan: "Ik was ook verbaasd. Het zijn niet mijn woorden en als het zo zou zijn dat ik ontevreden ben, dan gooi ik dat natuurlijk niet in de media." Oer takom seizoen wol Rienstra wol wat kwyt, mar benammen oer de trainer, Johnny Jansen, en of hy takom seizoen bliuwe moat: "Absoluut, hij kent de club, het publiek is er blij mee en het is een clubman", slút Rienstra ôf.

(advertinsje)
(advertinsje)