CDA'ers: 'Buma moat net wer listlûker CDA wurde'

10 maaie 2019 - 17:18

Sybrand Buma moat gjin listlûker wurde by de kommende Twadde Keamerferkiezingen. Dat fynt in mearderheid fan de minsken dy't op it CDA stimme soene, as der no ferkiezings wiene, docht bliken út ûndersyk fan EenVandaag.

Foto: ANP

De CDA-kiezers hawwe yn mearderheid wol betrouwen yn Buma, mar sjogge him leaver net wer as listlûker. Foar dy posysje wurdt minister Hoekstra fan finânsjes it measte neamd.

Fan Sybrand Buma wurdt sein dat hy solisitearre hat op de post fan boargemaster fan Ljouwert. Nije wike wurdt bekend oft dy geroften wier binne.

Buma waard yn 2012 troch syn partijleden keazen as CDA-lieder.

Trefwurden: 
Ljouwert CDA Sybrand Buma
(Advertinsje)
(Advertinsje)