Ynwenners Noardeast-Fryslân kinne meiprate oer nije boargemaster

Ynwenners fan de fúzjegemeente Noardeast-Fryslân kinne meiprate oer wat foar boargemaster oft se ha wolle. Se kinne mei in enkête oanjaan watfoar eigenskippen oft se belangryk fine foar de man of frou dy't waarnimmer Hayo Apotheker opfolgje moat.
It gemeentehûs fan Dongeradiel © Omrop Fryslân, Joris Kalma
Der is yntusken in fertrouwenskommisje aktyf, dy't in profylskets mei opstelt en dy't mei de gadingmakkers praat.
De seleksjeproseduere wurdt oer de simmerperioade hinne tild. It is de bedoeling dat de nije boargemaster fan Noardeast-Fryslân yn jannewaris takom jier ynstalleard wurdt.