Sander Arends berikt heale finale yn Busan

10 maaie 2019 - 16:39

Tennisser Sander Arends fan Ljouwert hat yn it dûbeldspul de heale finale helle fan it challengertoernoai yn Busan, Súd-Koreä. Mei syn maat Tristan-Samuel Weissborn wie er mei 7-5 en 7-6 (2) te sterk foar David Pel en Hans Podlipnik-Castillo.

Foto: www.orange-pictures.nl

Yn de earste set kamen Arends en Weissborn mei 5-1 foar, mar nei twa breaks wie it wer gelyk. Dochs brutsen de Fries en Eastenriker wer troch de opslach fan Podlipnik en dêrmei pakten se de earste set mei 7-5.

De twadde set gie hielendal gelyk op. Doe't it 6-5 stie yn it foardiel fan Arends en Weissborn, krigen se twa wedstriidpunten op de opslach fan Podlipnik. Dy pakten se net. Der wiene hielendal gjin breaks yn de twadde set en dus brocht de tie-break de beslissing. Op 6-2 gie in bal fan Weissborn fia it net en dy waard dêrtroch ûnhâldber foar Podlipnik.

De heale finale is sneon tsjin Hsieh Cheng-peng (Taiwan) en Christopher Rungkat (Yndonezië).

Trefwurden: 
Sander Arends tennis Busan
(advertinsje)