Ald-VVD-kandidaat Russchen stimt foar it earst gjin VVD

10 maaie 2019 - 16:37

Fries om utens en âld-toplobbyist Wytze Russchen hat op Twitter en Facebook bekend makke dat er foar de Europeeske ferkiezings syn stim útbrocht hat op de nije Europeeske partij Volt. It is in opmerklik sinjaal fan Russchen, want hy wie yn it ferline sels kandidaat-Europarlemintariër foar de VVD.

Wytze Russchen yn Brussel - Foto: Omrop Fryslân

Ek wenne en wurke Russchen jierrenlang yn Brussel as lobbyist foar ûnder oare VNO/NCW.

Russchen wennet hjoed-de-dei yn Barcelona en hat gebrûk makke fan de mooglikheid om oer de post syn stim út te bringen.

Foar it earst gjin VVD

It is neffens Russchen foar it earst dat er by ferkiezingen net op de VVD stimt. Russchen hat grutte muoite mei de Europakoers fan de VVD. De VVD soe folle dúdliker foar Europeeske gearwurking kieze moatte, neffens Russchen. Omdat de VVD dat yn syn eagen net docht, hat er no syn stim útbrocht op de jonge pro-Europeeske partij Volt.

(advertinsje)
(advertinsje)