Wa helpt Menno Wijbenga syn auto werom te finen?

10 maaie 2019 - 15:58

It is Menno Wijbenga fan Tytsjerk mienens mei syn auto. Syn Audi RS6 waard mear as in moanne lyn stellen. Hy wol 'm sa graach werom ha, dat er in beleanning fan 10.000 euro útlooft foar de gouden tip. It is in spesjale auto foar him: "Troch dizze auto ha ik ek in bytsje ferkearing krigen."

De auto dêr't it om giet - Foto: Menno Wijbenga

De auto is de ôfrûne moannen ferskate kearen sjoen yn de omkriten fan Utrecht. Hieltyd mei oare kentekens. Dochs is de auto is noch hieltyd net werom.

Wêrom't Wijbenga net it fersekeringsjild ôfwachtet, mar sels ek op 'e syk is en in beleanning útlooft, hat te krijen mei dat de auto in spesjale betsjutting hat foar him. "Ik bin in grutte Audi-fan en it is in seldsume auto. Ik hie mei dizze auto in oar gefoel."

Foto: Menno Wijbenga

Wijbenga hie de auto noch mar krekt, sûnt 29 desimber. Troch de auto hat er ek ferkearing krigen. Syn freondinne is ek in Audi-fan. Se learden inoar fia Facebook kennen, mar se kamen echt mei inoar yn kontakt op in Audi-gearkomste.

De Audi fan Wijbenga waard in moanne lyn stellen en sûnt dy tiid waard hy in soad sjoen. Om't Wijbenga sa'n grutte fan is en sels ek yn Audi-ûnderdielen hannelet, is hy wol wat ferneamd yn de Audi-mienskip. In protte fan syn kontakten dielden syn berjocht fia sosjale media, mar ek lette se goed op oft se de auto sjogge.

Sels op 'e syk

De auto waard sjoen mei ferskillende kentekens. Wijbenga is sels ek op paad west om de auto op te spoaren. "Hy is yn de earste twa wiken sa'n 16 kear yn Weert, Limboarch, sjoen. Dêr bin ik sels ek hinne west. Doe ha ik by tankstasjons del west en foto's sjen litten. Weert leit tichteby de Belgyske grins en stiet ek wol bekend as drugsdoarp. Ik tocht dat de auto miskien brûkt waard om drugs te ferfieren."

Wijbenga is net wis oft de plysje wol hurd nei syn auto siket. "Foar de plysje is it mar in auto, mar foar my en foar myn freondinne is it mear as in auto."

Risiko

It risiko dat dieven troch alle publisiteit de auto miskien wol hielendal ferdwine litte sille, nimt Wijbenga dan mar. "Ik ha der wol oer neitocht, mar lit se mar bang wurde. De auto is no oeral bekend en berucht."

It is no mear as 30 dagen lyn dat de auto stellen is. Offisjeel wurdt de auto dan eigendom fan de fersekeringsmaatskippij, wat betsjut dat de auto net mear fan Wijbenga sels is. Dochs wol er dus noch net opjaan.

Menno Wijbenga oer syn stellen Audi RS6

(Advertinsje)
(Advertinsje)