Fiif jier sel easke tsjin fertochte sjitpartij Thialf

10 maaie 2019 - 15:52

Tsjin de fertochte yn de saak fan de sjitpartij by iisstadion Thialf op It Hearrenfean is niiskrekt fiif jier selstraf easke, mei ôftrek fan de tiid dy't hy al fêst sitten hat. De man wurdt der fan fertocht dat hy twa jier lyn sketten hat op sakeman Bert Jonker. Neffens justysje is der sprake fan poging ta deaslach en ôfparsing. Oer twa wiken folget de de definitive útspraak.

De twa hiene in saaklik konflikt. Jonker soe it bedriuw fan de fertochte oernimme, mar seach dêr fanôf. Koart dêrnei gie it bedriuw fallyt. De fertochte kaam neffens eigen sizzen doedestiids nei Thialf om dêr mei Jonker oer te praten.

Der waard sketten, mar de ferklearring fan beide manlju oer hoe't dat der krekt om en ta gie, rint útien. Jonker seit dat de fertochte sketten hat, der fertochte seit dat Jonker it wapen hie. Neffens de offisier fan justysje is der genôch bewiis dat de fertochte sketten hat.

(advertinsje)
(advertinsje)