Nij museum proefkoloanjes iepen

It nije museum Proefkolonie yn it Huis van Weldadigheid yn Frederiksoard ûntfangt dizze dagen de earste besikers. Der is oardel jier oan wurke. It ferhaal fan de 80.000 kolonisten yn it gebiet wurdt ferteld mei lûd, fideo en sels geuren.
Nij museum proefkoloanjes iepen
Je kinne der chatte mei haadpersoanen út de tiid. De proefkoloanjes binne 200 jier lyn opset om de earmoed te bestriden. De gesinnen krigen in stikje lân en pleatske en wat fee om te oerlibjen. De besiker komt yn de wrâld fan de kolonisten en moat firtueel en yn it echt oan de slach.
Firtueel weve yn it museum © Ronnie Porte
Yn it beleefsintrum kom je yn de wrâld fan de koloniste-famyljes. Doe't se 200 jier lyn noch yn earmoed libben. Bygelyks yn de achterbuerten fan Amsterdam. De besiker belibbet it hjir mei lûd, bylden en geuren.
It sosjale eksperimint begjint mei fiif earme gesinnen út de stêd, Dy krije in pleatske, wat grûn en wat fee om te oerlibjen. Sa ha úteinlik 80.000 minsken yn de lânboukoloanjes libbe. Hoe swier dat libben wie, kin je ek freegje yn in chat mei ûnder oaren de oprjochter Johannes van den Bosch.
Bûter tsjernje © Omrop Fryslân
It museum sit yn it Huis van Weldadigheid, dêr't oardel jier oan wurke is. Der is in nij toeriste-ynfopunt, in museumwinkel en in Grand Café.
It ferhaal fan de proefkoloanjes kin no better ferteld wurde. Sa is it doel fan de Maatskippij van Weldadigheid. De offisjele iepening wurdt grut oanpakt en is yn septimber.
Museum De Proefkolonie yn it Huis van Wekdadigheid © Ronnie Porte