Wurkstraf foar ynternetoplichter út Kollum

10 maaie 2019 - 15:05

In 24-jierrige Kollumer is freed feroardiele ta in wurkstraf fan 180 oeren, om't de man fia ynternet hoverboards ferkocht, mar net levere. De man hie der sels in spesjale webside foar oprjochte.

Rjochter - Foto: Shutterstock.com

Ferskate minsken bestelden sa'n hoverboard op de webside fan de Kollumer, mar nei't se it jild oermakke hiene, krigen se it bestelde guod net. Letter die bliken dat de man ûnder in falske namme hannele.

Tsjin de plysje sei de fertochte dat hy it jild brûkt hat om syn fêste lêsten te beteljen. Neist de wurkstraf moat de Kollumer ek it jild werombeteljen oan de minsken dy't hy oplichte hat. It giet om sa'n 2500 euro.

Trefwurden: 
Kollum oplichting hoverboards
(Advertinsje)
(Advertinsje)