Hearrenfean-supporters diele 20.000 posters út tsjin negativiteit: #doeslief

10 maaie 2019 - 14:54

Twa supporters fan SC Hearrenfean sette in aksje op tou om de klup wer wat positiver op de kaart te setten. Se binne klear mei de negativiteit om de klup hinne en ha dêrom posters makke mei de tekst #doeslief, dy't ferwiist nei de hashtag op Twitter. Se diele snein, foar de thúswedstriid tsjin NAC, 20.000 posters út oan de supporters.

Foto: Omrop Fryslân

De twa inisjatyfnimmers binne Oeds Willem Miedema út Amersfoort en Henk Hunneman út Soesterberg. Sy hoopje dat de fans de poster tusken minút 19 en 20 boppe harren holle te hâlden ûnder de wedstriid fan snein tsjin NAC Breda. Se ha foar dý minút keazen, omdat 1920 ferwiist nei it oprjochtingsjier fan de klup.

"We ha ús nocht fan de negative oandacht fan de klup én om de klup hinne", seit Miedema. "Der ha in protte bestjoerlike feroaringen west, sportyf giet it net al te bêst, de taskôgersoantallen rinne werom. Mar wy fine ek dat de klup in protte posityfs hat. Dêr wolle we no op in ludike manier de klam op lizze."

10-5 doeslief

Sportklup Hearrenfean bestiet hast jier 100 jier. De twa wolle dat alle belutsenen efter de klup stean gean en harren eigen belang op side sette. "It is in oprop oan alle belutsenen om in punt te setten efter de ferdieldheid. We moatte de gearwurking sykje, yn it belang fan de klup."

(advertinsje)