Bjernt van Popta kertiermakker frouljusploech Hearrenfean

10 maaie 2019 - 14:42

Advokaat Bjernt van Popta wurdt kertiermakker by de frouljusploech fan SC Hearrenfean. Twa wiken lyn drige de frouljusploech op te hâlden, mar dêrnei kaam der in rêdingsplan: in nije stichting. Ien fan de betingsten wie wol dat der in kertiermakker komme soe. Dy is no dus fûn.

Foto: René Wiegmink / ProNews

Van Popta wurket by it advokatekantoar Verdonk. Boargemaster Tjeerd van der Zwan fan de gemeente Hearrenfean is wiis mei him. "Hij heeft al kennisgemaakt met deze partijen. Vrijdagochtend hebben we een oriënterend gesprek gehad."

Takepakket

De kertiermakker sil earst by ferskate partijen ynventarisearje hoe't sy har bydrage oan it frouljusfuotbal konkreet staal jaan kinne. Dêrby is it wol wichtich hoefolle oft de sponsoaren jaan wolle yn de nije situaasje. Partijen dy't ek yn bydrage leverje wolle, kinne har by Van Popta melde.

Fertsjintwurdigers fan SC Hearrenfean, Sport Fryslân en de gemeente ha praat mei de spylsters en trainers fan de frouljusploech. De kertiermakker sil de ôfspraken ôfhannelje.

It hjoeddeistige bestjoer fan de Stichting Vrouwenvoetbal Heerenveen mei net fierder. Dat wie ek ien fan de betingsten foar it rêdingsplan. Der is no oerlis om alles goed oer de langjen oan Van Popta.

(advertinsje)