Trio SC Hearrenfean yn foarseleksje Jong Oranje

10 maaie 2019 - 13:50

Trije spilers fan SC Hearrenfean sitte yn de foarriedige seleksje fan Jong Oranje foar de oefenwedstriid tsjin Jong Meksiko. It giet om Kik Pierie, Sherel Floranus en Mitchell van Bergen.

Mitchell van Bergen - Foto: www.orange-pictures.nl

Bûnscoach Erwin van de Looi fan Jong Oranje makket letter noch syn definitive seleksje bekend. Guon spilers ha yn de wike fan de wedstriid noch ferplichtingen by har eigen klup, dus dan soene se ôffalle.

De wedstriid tusken Jong Oranje en Jong Meksiko is freed 31 maaie yn Doetinchem. De definitive seleksje wurdt op freed 24 maaie bekend makke.

(advertinsje)
(advertinsje)