Vwo'er hat 950 autokes ynsammele foar eineksamenwurkstik

10 maaie 2019 - 13:30

Vwo 6-learling Rinske Perdijk fan it RSG Magister Alvinus yn Snits hat 950 boartersguodautokes ynsammele foar har eineksamenwurkstik. It is in keunstwurk foar it fak tekenjen/hânfeardichheid. "Minsken moatte yntrigearre reitsje en oer in wurk neitinke, deroer prate en hieltyd wat nijs ûntdekke", seit se.

Foto: RSG Snits

De keunstwurken fan de njoggentjin eineksamenlearlingen hingje troch de hiele skoalle. Dy fan Rinske Perdijk falt fuortendaliks op. It wie wol in hiele put. "Ik bin yn oktober mei it projekt begûn en de earste autokes ynsammele. Benammen ús beppe hat my dêr bot by holpen. Se hat op Marktplaats omsneupt, autokes ophelle by minsken thús. Der sitte prachtige eksimplaren by. As it projekt klear is, wol ik in pear hâlde."

Op it skerm yn de hal stiet in tekst: "Rij jij met ons mee de afgrond in? Even snel naar de hockey, nog even snel boodschappen doen of op vakantie naar Italië. Wat zijn auto's toch handig! Maar hebben we wel door wat de gevolgen zijn van al ons autogebruik?"

Fragen oproppe

Elkenien sjocht wat oars yn it keunstwurk, seit Rinske: "De autokes ha ik op kleur efterinoar set, mar ek op gekke plakken stiet ien. Dit ropt fragen op: is it in wyldkampearder? In oar tinkt dat it in Greenpeace-autoke is. De tekst oer de ôfgrûn stiet ek op it keunstwurk, mei dêrboppe swartblakere auto's dy't de ôfgrûn yn ride."

It dreechste oan it keunstwurk wie it regeljen. "Tiisdei krige ik fan de skoalle grien ljocht om dy jûn oan de slach te gean. Mei myn 'helptroepen' ha we hast seis oeren dwaande west om alle autokes op te plakken: op de muorren, treppen en plafonds mei dûbeldsidich tape. Dat ha we dien mei in heechwurker, lift en in steger."

Eksposysje

De keunstwurken hingje oant 1 juny yn de skoalle.

(Advertinsje)
(Advertinsje)