Freedsmerk: "Lucky Ajax wie no ris unlucky, that's life"

10 maaie 2019 - 13:12

"Lucky Ajax wie no ris unlucky, that's life", dat wie in nochtere reaksje op de Ljouwerter freedsmerk op de dramatyske útskeakeling fan Ajax ôfrûne tiisdei yn de Champions League.

Foto: ANP

Oaren hiene dêr mear muoite mei hân. "Ik sliep om half vier nog niet, het bleef maar door mijn kop malen." Oaren stelle dat it fêst wol wer goed komt, ek al soene der spilers ferkasse nei de grutte klups fan Europa. "Se hawwe goed fertsjinne en kinne dus ek wol wer wat goeie spilers oankeapje!"

Opmerklik wie it tal minsken dat eins neat mei fuotbal hie. "Ik ha Netflix sjoen, dat rûn gelokkich wol goed ôf." En: "Ik wurd waarm fan muzyk" en in oar: "Ik wurd waarm fan myn leave frou". Dat guon om de útskeakeling fan Ajax wol gûle koene, begrypte ek net elkenien: "Dan binne der wol slimmere dingen, sa as dy trije moarden. Dêr kin ik wol om gûle.!"

Ferslachjouwer René Koster op de freedsmerk yn Ljouwert

Trefwurden: 
Ljouwert freedsmerk Ajax
(Advertinsje)
(Advertinsje)