Rjochtsaak Thialf-sjitpartij: wat is der op dit stuit bekend?

De fertrochte fan de sjitpartij by Thialf yn 2017 stiet freed foar de rjochtbank yn Ljouwert. Undernimmer Bert Jonker waard rekke yn syn hân. It ynsidint soe út in saaklik skeel wei komme mei fertochte Charles van der W.
© CAMJO Media
De rjochtsaak kaam freedtemoarn net fuortendaliks op gong. Tim Vis, de advokaat fan de fertochte, fûn dat it Iepenbier Ministearje net ûntfanklik wie as it om de oanklacht fan poging ta moard/deaslach giet. It útleveringsfersyk soe net oan de easken foldwaan. Neffens offisier fan justysje Eelco Jepkema wie de proseduere wol neffens de regels útfierd.

Bedrigingen

Jonker hat yn 2017 by de EHBU-post by Thialf ferklearre dat der in saaklik skeel spile tusken him en Van der W. De fertochte soe Jonker stalke en 'bedriigjende' e-mails stjoerd hawwe. Jonker soe earder it bedriuw fan Van der W. oernimme, mar hy seach dat it finansjele plaatsje net kloppe. In wike letter is it bedriuw fallyt ferklearre.
It docht bliken dat Jonker net de iennige is dy't ea troch Van der W. bedrige is. Ek de kurator dy't it fallisemint fan it bedriuw fan de fetrochte ôfhânnele, fielde him doe bedrige. Hy hie fan de broer fan Van der W. fernaam dat hy in 'bedreaune sjitter' wie, wêrnei't de kurator om plysjebeskerming frege hat.

Wat barde der by Thialf?

Op de jûn fan 7 jannewaris 2017 seach Jonker de fertochte op it parkearterrein fan Thialf swalkje, sa ferklearret hy. De fertochte mient lykwols dat hy lêst hie fan in hernia en dêrom net goed kontrôle hie oer syn rjochterskonk.
Jonker soe frege hawwe oft alles goed wie, wêrnei't de fertochte besocht by him yn de auto te stappen en in wapen luts. Doe't de sakeman gas joech, soe Van der W. sketten hawwe. De ring- en middelfinger fan Jonker bruts op meardere plakken. Op de hân fan Jonken wiene metaal en krûdspoaren te finen, mar in wapen is lykwols nea fûn.
Meardere tjûgen hearden in knal en seachen in man mei in wapen dy't efter de auto fan Jonker oan rûn. It rút gie iepen en der waarden 'heftige gebaren' útwiksele. Dizze tsjûgenissen stypje dus it ferhaal fan Jonker.

It ferhaal fan de fertochte

De fertochte komt mei in hiel oar ferhaal. Hy seit dat sy inoar freonskiplik benei kamen en dat hy inkeld mei Jonker prate woe en him in usb-stick jaan woe. Hy stapte efteryn de auto. Neffens rjochtbankfoarsitter Dölle hie hy dan better neist Jonker sitten gean kinnen.
Van der W. hie in alarmpistoal yn syn besit, dat hy yn Frankryk foar Ald en Nij kocht hie. Ek wie hy lid fan in sjitklup. De fertrochte seit dat hy it pistoal fuortsmiten hat om't hy bang wie. Van der W.: "Het is zo gelopen. Ik heb daar spijt van."
De rjochtsaak is op dit stuit noch hieltyd oan de gong. Nei alle gedachten moat der freed in eask op tafel komme.
Ferslachjouwer Hayo Bootsma is yn de rjochtbank. Neffens him makket de fertochte in stabile yndruk. De nijste ûntwikkelingen fan de rjochtsaak binne te folgjen fia it live-blog fan Omrop Fryslân.