Dit moatst witte oer SC Cambuur yn de play-offs

10 maaie 2019 - 12:38

De reguliere kompetysje sit derop foar Cambuur; freedtejûn begjint de ploech fan René Hake oan de play-offs om promoasje nei de earedifyzje. Yn de earste ronde spylje de Ljouwerters tsjin Almere City. Wat binne de kânsen foar Cambuur yn de play-offs? We freegje it oan Cambuurwatcher Andor Faber.

Foto: Omrop Fryslân

Hoe lizze de krêftsferhâldingen tusken Cambuur en Almere?

Yn de kompetysje hawwe beide ploegen twa kear tsjin inoar spile, mar dat is foar Cambuur net sa hoopfol... Almere wûn twa kear, mei 1-0 en 2-1. Dochs lei it yn dy wedstriden ticht byinoar. Se ûntrinne inoar net in soad. De foarm fan de dei sil bepalend wurde.

Wêr moat Cambuur by harren eigen ploech om tinke?

Cambuur is in ploech dy't hiel ynstabyl is. Se kinne de iene wike goed spylje en der de oare wike hie-len-dal neat fan bakke. Begjin april wûn Cambuur op moandeis mei 6-0 by Jong Ajax en ferlear it freeds mei 4-2 by Telstar. Dat seit genôch. En dat sizze de spilers sels ek: se binne fierstente wikselfallich. Dêrfoar is gjin romte yn de play-offs. Je kinne net troch de ûndergrins sakje, want dan is it klear. Dus dêr moat trainer René Hake syn ploech écht bewust fan meitsje.

Om wa moat Cambuur tinke by Almere? Wa binne de gefaarlike manlju?

James Efmorfidis is wol in spiler dêr't se by Cambuur rekken mei hâlde moatte. Hy skoarde njoggen doelpunten dit seizoen en is in flugge bûtenspiler mei in goeie aksje. Op it middenfjild is Youri Loen in gefaarlike spiler. Hy is al wat âlder, hat in soad ûnderfining en in goeie traap. In gelokje foar Cambuur: de middenfjilder mei in soad ûnderfining, Niek Vossebelt, is skorst troch in reade kaart ferline wike yn de lêste kompetysjewedstriid.

Tyrone Conraad by in eardere wedstriid - Foto: Orange Pictures

Is elkenien in bytsje fit?

Dat hâldt net oer... Keeper Xavier Mous is noch in twivelgefal en oer syn meispyljen wurdt pas yn de warming-up besletten. In spier yn syn boppeskonk is wat ferrutsen. Matthew Steenvoorden en Robbert Schilder ferlieten de training juster earder, mar de ferwachting is dat sy gewoan spylje kinne.

Ferline jier rekke Cambuur sneu út de play-offs: nei't se út by Dordrecht dik wûn hiene, gie it thús dochs noch mis. Spilet dat trauma noch mei?

It sit grif noch yn de hollen fan de spilers, dy't dêr ek ferline jier by wiene. Mar ik tink net dat it in rol spilet yn dizze wedstriid. It ferskil is dat Cambuur ferline jier de grutte favoryt wie en no net.

Mooglik dat it foarbyld fan FC Dordrecht foar de return fan tiisdei noch wol oanhelle wurde sil, mocht Cambuur jûn winne. Om mar efkes oan te jaan dat se der absolút noch net binne. Mar in grutte rol, nee dat spilet it net.

It is pas de earste ronde. Tsjin wa moat de winner yn de folgjende ronde?

Dat is gefaarlik, hin... No al oer de wedstriid tsjin Almere City hinne sjen. Mar mocht Cambuur trochgean, dan spylje se tsjin de nûmer santjin fan de earedifyzje. Op it stuit is dat Excelsior, mar dat soe ek samar noch it De Graafschap fan Henk de Jong wurde kinne.

De ôftraap fan SC Cambuur - Almere City is freedtejûn om 20.45 oere. Kommentator Geert van Tuinen sit yn it stadion en docht live ferslach op de radio. Takom tiisdei is de return yn Almere. Dan docht Andor Faber ferslach.

(advertinsje)