Alde stedhûs Boalsert kriget definityf miljoeneferbouwing

10 maaie 2019 - 11:40

It âlde stedhûs fan Boalsert wurdt definityf omboud ta histoarysk sintrum. In mearderheid fan de gemeenteried fan Súdwest-Fryslân stimde tongersdeitejûn yn mei it foarstel, hoewol't der by guon riedsleden twivels wiene. Sy wiene net wis fan de ynvestearing fan hast trettjin miljoen euro.

Alde stedhûs Boalsert

Binnen it monumintale gebou moatte it Histoarysk Sintrum Westergo, de biblioteek, musea en de argiven fan de gemeente Súdwest-Fryslân komme. Sûnt de gemeentlike weryndieling yn 2011 is socht nei in nije bestimming fan it ryksmonumint.

Ferdieldheid

Yn totaal stimden 26 riedsleden foar en 11 tsjin it foarstel. Binnen de partijen wie der ferdieldheid. Sa stimden trije riedsleden fan it CDA, fan de yn totaal alve sitten, tsjin it foarstel. De fraksje fan de ChristenUnie wie folslein tsjin; trije fan de fjouwer VVD'ers wiene dat ek.

Foto: Omrop Fryslân

De totale ynvestearringskosten binne 12,9 miljoen euro. Njonken de oerheden drage fjouwer Boalserter stichtingen en de Rabobank goed 1,3 miljoen euro by. Ek de provinsje hat 3 miljoen euro tasein.

(Advertinsje)
(Advertinsje)