Kantoar Rabobank yn Damwâld wurdt dit jier ferkocht

10 maaie 2019 - 11:08

It kantoar fan de Rabobank yn it midden fan Damwâld wurdt yn 'e rin fan dit jier by ynskriuwing ferkocht. Dat meldt RTV NOF. De bank ferdwynt lykwols net hielendal út it doarp.

Foto: Google Streetview

Fanwegen it ferpleatsen fan wurksumheden en de gearfoeging fan kantoaren is in grut part fan in gebou yn Damwâld al net mear yn gebrûk. "Daarom is besloten om dit pand op korte termijn te verkopen bij inschrijving", seit direksjefoarsitter Durk Mous.

De Rabobank ferdwynt net hielendal út it doarp. Der wurdt neitocht oer it foar in part werom hieren fan it gebou of ferhuzing nei in oar plak yn Damwâld.

Trefwurden: 
Rabobank Damwâld kantoar
(advertinsje)
(advertinsje)