Trekker brânt folslein út yn Aldegea

10 maaie 2019 - 10:57

Oan de Sânbuorren yn Aldegea (Smellingerlân) is freedtemoarn in trekker folslein útbrând. Hoe't de brân ûntstean koe, is noch net dúdlik.

Foto: Srfotografie

By de brân lekte de trekker oalje, wêrtroch't in hiel spoar oalje ek yn de brân fleach. De brânwacht hat dat útmeitsje kinnen.

Der binne gjin persoanen ferwûne rekke. De trekker kin wol as ferlern beskôge wurde.

Trefwurden: 
Aldegea brân trekker
(advertinsje)
(advertinsje)