Achtkarspelen as lêste akkoart mei regiodeal: 1,3 miljoen euro op it kleed

10 maaie 2019 - 10:38

De regiodeal foar it noardeasten fan Fryslân kin ûndertekene wurde yn Den Haag. De gemeenteried fan Achtkarspelen gie tongersdei as lêste akkoart mei de plannen foar de ekonomyske ympuls. In grutte mearderheid stimde foar.

De riedseal fan Achtkarspelen - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Twa wiken lyn kaam de ried fan Achtkarspelen noch net ta in beslút oer de regiodeal, nei't in diel fan de polityk twivels utere hie oer de effekten fan it projekt. Tongersdei wiene dy twivels der noch hieltyd.

Amendemint oer jierlikse tsjek

Nei in amendemint oer in jierlikse tsjek wiene de measte skeptisy dochs akkoart. Allinnich de PVV, de VVD en riedslid Rinus Buising stimden úteinlik tsjin. Neffens har ûntbruts in goede ûnderbouwing en ambysje fan Achtkarspelen.

Foar de regiodeal, in ynvestearringsprogramma, lizze tsientallen miljoenen euro's oan subsydzjejild klear. Yn totaal moat it gean om 57,5 miljoen euro. It Ryk stelt 25 miljoen euro beskikber. Achtkarspelen leit 1,3 miljoen euro op it kleed.

Holwert, krimp en bedriuwslibben

Fan it jild giet op syn minst fiif miljoen euro nei it projekt Holwert oan See. Fierder moatte de ynvestearringen de krimp yn de regio tsjingean en in boost oan it bedriuwslibben jaan. Sa komt der ûnder oare in boukampus yn Dokkum, om minsken foar it fak op te lieden.

(advertinsje)
(advertinsje)