Húskes yn gemeentehûs Smellingerlân oerstreame mei smoarch wetter

De gemeente Smellingerlân docht ûndersyk nei it rioelstelsel fan it eigen gemeentehûs. It komt geregeld foar dat de húskes op de begeane grûn dêr oerstreame mei smoarch rioelwetter.
It gemeentehûs fan Smellingerlân © Omrop Fryslân, Joris Kalma
Op in pear plakken yn Drachten is al in nij rioel oanlein foar reinwetter. Dat is dan njonken it al besteande rioel foar smoarch wetter. Omdat noch in protte ôffieren fan it reinwetter oansletten binne op it âlde rioel fan smoarch wetter, rekket dy gauris fol as it bot reint.

Rein- en smoarchwetter skiede

It is net dúdlik hoe't it rioelstelsel yn en ûnder it gemeentehûs opboud is. Dat wurdt no yn kaart brocht. Dêrnei kinne se eventueel in plan meitsje foar it skieden fan it rein- en smoarch wetter.
De gemeente stelt 10.000 euro beskikber foar it foarûndersyk nei it rioel.