LIVEBLOG: Fertochte sjitpartij op Bert Jonker stiet foar de rjochter

10 maaie 2019 - 14:17

Undernimmer Bert Jonker waard op 7 jannewaris 2017 besketten by iisstadion Thialf. Neffens de plysje kaam de besjitting fuort út in saaklik skeel tusken Jonker en de fertochte, Charles van der W. Nei goed twa jier sil de rjochtbank yn Ljouwert it sjitynsidint ynhâldlik behannelje. De saak ropt noch hieltyd fragen op. Neffens sakeman en reedrydsponsor Jonker wie it in moardoanslach, mar de fertochte ûntkent alles. Hy waard in hiel skoft letter oanholden yn Spanje. Ferslachjouwer Hayo Bootsma folget de saak fanút de rjochtbank.

16:51
Ta ôfsluting liveblog in gearfetting fan ferslachjouwer Hayo Bootsma
16:24
Fraachtekens

Vis seit dat der tefolle fraachtekens by de ferklearringen fan Jonker binne. Der is gjin dúdlik bewiis foar alle oanklachten. Bygelyks oer it wapen: wie it no in pistoal of in revolver? Hokker kleur hie it? By de plysje hat Jonker ek oanjûn dat hy it ien en oar wit fan wapens. Hy hat yn tsjinst west by de loftmacht en hat dêr mei wapens wurke. Der moat frijspraak folgje foar syn kliïnt, fynt hy.

16:14
Dochter fertochte ôfharke

De dochter fan de fertochte stie ek ûnder taap fan de plysje. De fertochte belle mei syn dochter en joech syn ferzje fan it ferhaal. Dat net hy it wapen luts mar Jonker. Dat it ôfgie en dat Jonker dêrnei fol gas fuortried.

Vis stelt dat de fertochte dit seit sûnder kennis fan it dossier. Wa seit dan oft it kloppet wat Jonker seit?

16:10
Skerpe eagen

In tsjûge dy't dôf is hat goed sjoen wat der bard is. Dy tsjûge mient dat hy sjoen hat dat in man op de auto ôfkaam, dy stoppe en mei de bestjoerder spruts. De tsjûge hat sjoen wat 'm yn de auto ôfspile hat. Hy seach dat der 'heftige gebaren' wiene yn de auto. Hy koe dúdlik sjen wat 'm yn de auto ôfspile. De tsjûge hat ek sjoen dat der fysyk kontakt wie tusken de beide manlu. Jonker seit dat dêr gjin sprake fan west hat.

16:06
Oare tsjûgen

In pear tsjûgen binne neffens de advokaat fan de fertochte krúsjaal, sa seit Vis. Ien tsjûge seit dat sy in auto seach dêr't in man by stie. Dat duorre al goed in heale minút. De tsjûge seit dat it liket oft de manlju inoar koene. Ek seit se dat sy seach dat in man omfoel nei't de auto fuort ride. En sa is der noch in ferklearring. Dat kloppet, sa seit Vis, mei wat de fertochte seit.

16:01
Net samar oardiele

Vis: "We moeten waken voor een te vroeg oordeel over waarom mijn cliënt naar Spanje is gegaan. Hij had anders kunnen handelen, dat klopt. Hij beleefde het moment anders. Er gaat geen dag voorbij dat mijn cliënt niet denkt dat het anders had gemoeten." Vis giet fierder: kin it Iepenbier Ministearje echt bewize dat it gean is sa't sy dat sketse? It antwurd is nee, neffens him.

15:58
Advokaat wol frijspraak

No is Tim Vis oan it wurd, advokaat fan de fertochte. Hy easket frijspraak. Der is gjin bewiis dat syn kliïnt it wapen hie, neffens him. Dat moat liede ta frijspraak fan de fertochte.

Der is sels net te bepalen dat der in fjoerwapen brûkt is. Dus is der gjin sprake fan poging ta deaslach, seit hy yn tsjinstelling ta de offisier fan justysje.

15:50
Fiif jier sel easke

De strafmaat: Jepkema seit dat de fertochte 'm skuldich makke hat oan poging ta ôfparsing en deaslach. De fertochte hat Jonker bewust opsocht. Dat it plak fûn op it parkearterrein fan Thialf mei in soad minsken op strjitte jout in grut gefoel fan ûnfeiligens.

Jepkema easket in finzenisstraf fan fiif jier mei ôftrek fan de tiid dy't hy al fêst sitten hat. Ek kent de offisier fan justysje 15.000 euro skeafergoeding mei ekstra kosten ta. Jepkema wol dat de fertochte fuort wer fêstsetten wurdt. Syn fêstsitten is ûnderbrutsen troch de sykte fan de fertochte, term- en blaaskanker.

15:44
Poging ta deaslach

It is net dúdlik oft de ôfspraken dy't de fertochte sketst wol makke binne, dus oer it oernimmen sels en it beteljen fan in bedrach oan de fertochte. Dêr is gjin bewiis foar. Jepkema: "Er is sprake van voorbedachte rade. Er zijn aanwijzingen dat de verdachte Jonker wilde doden. Er zijn ook contra-indicaties: hij schoot niet direct toen Jonker zijn raam opende." Poging ta moard is dan ek net te bewizen. Mar wol poging ta deaslach.

15:38
Wol of net in wapen?

Is der in wapen brûkt ja of nee? Jepkema: "Het letsel aan de hand van Jonker is ontstaan door een afgevuurde kogel. Het ontbreken van een inslag kan meerdere oorzaken hebben. Nu de revolver niet is teruggevonden kunnen we daar geen onderzoek naar doen. Het doet niet af aan de conclusie dat er met een pistool is geschoten."

(advertinsje)
(advertinsje)