Ferpleechkundigen Nij Smellinghe yn it sintsje set mei spesjaal festival

Alle seishûndert ferpleechkundigen fan sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten wurde freed yn it sintsje set. Mei it festival Supernurse stiet it sikehûs stil by de Dag van de Verpleging, dy offisjeel takom snein plak fynt. Der binne workshops en de ferpleechkundigen wurde yn de watten lein.
Sikehûs Nij Smellinghe yn Drachten © Omrop Fryslân, Joris Kalma
Neffens programmalieder Mariet Hiemstra stiet de soarch, mar benammen de ferpleechkundige sintraal. "Wij vinden dat verpleegkundigen een cruciale en onmisbare rol hebben. Zij hebben het meeste contact met de patiënt. We willen zo onze waardering uitspreken voor de verpleegkundigen die dag en nacht bezig zijn."
Bart dat dan te min, is de logyske fraach? "Ik denk dat er wel vaker aandacht voor is", seit Hiemstra. "Maar het is goed om daar zo nu en dan langer bij stil te staan, omdat er momenteel veel ontwikkelingen zijn in de zorg. Die moeten we met zijn allen aangaan."
Programmalieder Mariet Hoekstra fan Nij Smellinghe