Kollum: "Skotlân"

10 maaie 2019 - 08:14

"Ferline wike moast Jelle nei Inverness foar it wurk en ik mocht mei. Lokkich koe ús mem de húshâlding oernimme en mei se graach oer puppy Timmy, ek al wie er wol gauris ûndogensk. Dy berjochten krige ik yn Skotlân, fansels. Timmy wie wer 'terror' en sleepte mei de brut troch de keet wylst beppe der efteroan fleach en de bern dûbeld leine.

Hilda Talsma - Foto: Omrop Fryslân

De Toan fan Hilda Talsma

We moasten nei klanten dêr't de werf in boat foar boud hat en sy leine yn Inverness. We hawwe dêr earst sels in pear dagen omtoarke en mei in hierauto de prachtige omjouwing besjoen. Ik ha ek in bûtenrit op in hynder makke yn 'e de Highlands en doe kringe it echt ta my troch dat ús lân in oanharke park is.

Foar myn gefoel is alles dêr besiele. De bergen, de lochs, de prachtige beammen en sels in ferrustke âlde Fordson trekker like wol in keunstwurk yn 'e Highlands. En de Fairy Glen wie ek magysk moai mei de beide wetterfallen. Ik hie dêr betiden echt it idee dat der kabouters en feeën wiene mar de swarte plestikpûdsjes mei hûnestront dy't hjir en dêr neist it paad stiene, holpen my gau wer út dy dream.

Yn 'e bergen wie in drokke rinrûte mei ûnderweis ferskate konteners en dochs lei der in hiele protte rotsoai neist. En rûn Inverness wie in fytstocht mar doe't wy dêr nei de tiid omriden, wie der in plak lâns de dyk dat besiedde lei mei ferpakkingsfoalje. Ik tink fan koekjes en se skitteren yn 'e sinne. It like wol konfetty mar bepaald feestlik wie it net. By ús hotel wie in echte Skotse brulloft, mei manlju yn kilts en dy hiene op it parkearterrrein ek omraak konfetty sjitten.

De rôze glinsterjende rûntsjes leine allegearre tusken it grynd. Dus oeral is it in grutte binde, wêr't jo op de wrâld ek binne. Lokkich dreau der net in soad rotsoai yn it wetter en wy hawwe in prachtich tochtsje makke oer Loch Ness en it Caledonyske kanaal. Ik hie de eigeners fan de boat dêr't wy te gast op wiene, noch net earder moete mar se wiene tige aardich en gastfrij en Skotlân is fan it wetter ôf besjoen noch moaier!

Op 'e boat wie in skipper, in kok en in famke foar de betsjinning en húshâlding. Dus dy pear dagen dat wy dêr wiene, hoegden wy neat te dwaan en krigen we hearlik iten. Dochs wie dat ek wol in bytsje nuver want ik mei sels ek graach de hannen wapperje litte. En alhoewol't it net in kwestje fan rangen of stannen wie en elkenien normaal mei inoar omgong, fielde it suver as siet ik op Downton Shippey.

De lêste dei hie Jelle noch in ôfspraak mei in skipsmakeler. Hy is al 83 jier en wit fan gjin ophâlden. Omdat er noch altyd wurket, nimt er syn frou alle moarnen mei nei in kofjehûs foar in bakje. It is in echte Skotse gentleman en hy is hiel posityf oer ús lân.

Hy hat ris yn Amsterdam mei de tram west en doe gong de jeugd foar him stean sadat er sitte koe. Dat fûn er hiel bysûnder! En doe't er earne op in stasjon wie en by in trep omheech moast, wie der in famke dat syn koffer sjouwe woe. 'Dat belibbest yn Glasgow net,' sei er. Dêr soene se der fan troch gean mei de koffer.

Mei alle beammen netsjes op in rige, litte we hjir neat oan it tafal oer. Mar it sit ek yn ús natuer om inoar te helpen en dat is hiel wat wurdich. Dat fine se sels yn Skotlân!"

(advertinsje)
(advertinsje)