Rob Meines nimt ôfskied fan syn eigen sjoernaliste-útwikselingsprogramma

Ald-Ljouwerter Rob Meines hat tongersdei yn Berlyn nei 25 jier ôfskied nommen fan it troch himsels oprjochte Dútsk-Nederlânsk Sjoernalistestipendium. It stipendium is in programma wêrby't Nederlânske en Dútske sjoernalisten de kâns krije om nei in yntinsive taalkursus twa moannen oan de slach te gean by in krante of omrop yn it buorlân.
Rob Meines (rjochts) © Omrop Fryslân, Onno Falkena
It stipendium waard oprjochte omdat yn de jierren '90 de ferhâlding tusken Nederlân en Dútslân net goed wie. Neffens in ûndersyk fan buro Clingendael fûn yn 1993 in mearderheid fan de Nederlânske jongerein de Dútsers "dominant, arrogant of sels agressyf".

Negatyf tinken

Dútslân skrok dat der fjouwer jier nei de wiedervereinigung yn Nederlân sa negatyf oer Dútslân tocht waard en in Dútske diplomaat frege Meines, dy't earder korrespondint wie yn Bonn, om in útwikseling foar sjoernalisten op te setten. Meines waard dêrby moreel stipe troch Prins Claus, dy't ek graach de relaasje tusken syn bertelân en Nederlân ferbetterje woe. Prins Claus die dat troch by de earste edysjes persoanlik de stipendia oan de dielnimmende sjoernalisten út te rikken.
Sûnt 1994 hawwe mei-inoar 310 Nederlânske en Dútske sjoernalisten oan it programma meidien. Hjirtroch binne de foaroardielen tusken Nederlân en Dútslân lytser wurden en is de kennis oer it buorlân op de dielnimmende redaksjes in stik grutter wurden. "Der hawwe folle mear faktoaren in rol spile, mar de sjoernaliste-útwikseling hat wis bydroegen oan in bettere ferhâlding tusken Dútslân en Nederlân", seit Meines.

Stap werom

Nei in fearnsiuw fynt de 72-jierrige Meines it tiid om in stap werom te dwaan. Meines wurdt opfolge troch de sjoernalist Juurd Eijsvoogel, dy't op dit stuit yn Berlyn wurket as korrespondint fan de NRC. Hy docht dat yn gearwurking mei de Dútske sjoernaliste Anke Plättner.
It sjoernalistestipendium wurdt betelle troch de ministearjes fan bûtenlânske saken fan beide lannen en in stikmannich sponsors.