Ljouwerter hurdrider rekket rydbewiis kwyt op 'e Ofslútdyk
De plysje hat tongersdeitejûn op de Ofslútdyk it rydbewiis ynnommen fan in 54-jierrige man út Ljouwert. De Ljouwerter ried fierstente hurd, mei goed 202 kilometer yn 'e oere, oer de dyk.
Op de Ofslútdyk is 130 kilometer yn 'e oere tastien; dêrom waard it rydbewiis fan de man ynfoardere.