Burgum kriget eigen strân mei sinnegreide

10 maaie 2019 - 06:15

Burgum kriget in eigen strân. By it Wetter en Willepark, dêr't al twa wetterplassen lizze, moat in strân en in sinnegreide komme. It is in winsk dy't al langer spilet by de ynwenners fan it doarp.

De Burgumer Mar by Burgum. - Foto: Omrop Fryslân

Pleatslik belang fan Burgum frege in skoft lyn oan de ynwenners wat se der graach by ha wolle. In soad minsken seine in strân te missen. Dat idee hat pleatslik belang oandroegen by it Iepen Mienskipsfûns fan de provinsje, dy't no 10.000 euro foar it projekt beskikber stelt.

Jongerein

Dêrmei moat jongerein ek ûntmoedige wurde om by it Prinses Margrietkanaal om te hingjen, dat der flak achter leit. Foarich jier ferdronk in asylsiker út Burgum noch yn it kanaal.

Dochs sil dit net al dy problemen oplosse, sa lit foarsitter fan pleatslik belang Piet Bruining witte. "De minsken dy't dochs yn it kanaal swimme wolle, hâlde je dochs net tsjin."

Ek komt it wetter by it strân ûngefear ta de knibbels, dus baantsjes lûke wurdt lykwols lestich. It giet echt om it strân en de sinnegreide. De hoop is dat mear minsken no dit plak brûken gean om fan de sinne te genietsjen.

Oanlis

It is noch net dúdlik wannear't de oanlis fan it strân klear is. Der hoecht gjin spesjale fergunning oanfrege te wurden, om't der neat feroaret oan de bestimming. Wol wol pleatslik belang de plannen earst beprate mei omwenners.

Bruining hopet dat it strân oan it ein fan dit jier oanlein is, al is dat wol in optimistysk foarútsjoch.

Piet Bruining, foarsitter fan pleatslik belang

(advertinsje)
(advertinsje)