Opsterlân wol twa miljoen ekstra foar multyfunksjonele akkommodaasje

09 maaie 2019 - 22:43

It kolleezje fan gemeente Opsterlân wol twa miljoen ekstra foar de realisaasje fan in multyfunksjonele akkommodaasje yn De Gordyk. De plannen binne der al langer om yn ien gebou basisskoalle De Treffer, in berne-opfang en kultureel sintrum De Skâns te realisearjen. Yn 2018 wie der al kredyt beskikber steld, mar de merk is feroare wêrtroch't de kosten heger binne, seit it kolleezje yn in riedsfoarstel.

It gemeentehûs fan Opsterlân - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

Mei de realisaasje fan it gebou soe der bettere foarsjenningen foar it ûnderwiis, berne-opfang en foar it sosjaal-kultureel oanbod komme, dy't regionaal in soad betsjutte.

As der net genôch jild is foar de realisaasje fan it multyfunksjoneel sintrum, dan soe foarearst allinnich de basisskoalle boud wurde. Dat betsjut dat it ûntwerp wer oanpast wurde moat en dêr binne ek wer kosten oan ferbûn. Ek soene de lêsten foar ien gebou struktureel leger wêze. Boppedat soe it kultureel sintrum De Skâns yn de hjoeddeistige foarm de begrutting net mear slutend krije kinne, wêrtroch't tekoarten oprinne. Dat seit it kolleezje yn it riedsfoarstel.

De totale kosten foar de bou binne 12,6 miljoen. Yn it riedsfoarstel freegje se no om noch twa miljoen ekstra kredyt.

(Advertinsje)
(Advertinsje)