It giet net goed mei de trekfûgels yn it Waadseegebiet

It giet net goed mei steltrinners en oare fûgels dy't út it noarden wei nei it Waadgebiet fleane. Dêr hawwe se te min romte, iten en rêst. Dat docht bliken út ûndersyk nei de trekfûgels tusken Sibearië en Súd-Afrika.
trekfûgels
Al yn 2014 die bliken dat it mei de klút, seefûgel en stirns net goed gie op it Waad. Ek oare soarten dy't yn it Waadseegebiet briede, hawwe it dreech. Benammen de fûgels op it strân ha romte nedich. "Het gaat moeilijk samen. Recreanten en broedende dwergsterns en strandplavieren. Dat kun je niet op een en hetzelfde gebied hebben", seit fûgelûndersiker Marc van Roomen fan Sovon. In mooglikheid soe wêze om in stik fan it strân ôf te sluten foar besikers.

Spanningsfjild

It ûndersyk dat tongersdei yn Westhoek presintearre is giet oer de trekfûgels dy't fan Sibearië nei Súd-Afrika fleane en it waadgebiet oandogge. Se ha ferlet fan iten, romte en rêst en dat botst mei de belangen fan de minsken yn it gebiet.
Jan Jelle Jongsma fan It Fryske Gea: "It is einliks in kontinu spanningsfjild dat je oan de iene kant de minsken de moaie natuer sjen litte wolle, dat je se bewust meitsje wolle en dat is ek it stikje gasthearskip dat je ha as organisaasje. Mar oan de oare kant moatte je ek opkomme foar de belangen fan fûgels, planten en oare bisten."
© Omrop Fryslân