Sakeklup Trynwâlden: plan Sanjesfjild giet gewoan troch

09 maaie 2019 - 20:52

De plannen foar in nij bedriuweterrein by Oentsjerk wurde gewoan útfierd. Neffens sakeklup Trynwâlden hat it kolleezje fan boargemaster en wethâlders fan Tytsjerksteradiel dêr tiisdei ta besletten. Earder frege doarpsbelang Oentsjerk it plan 'on hold' te setten.

Foto: Google streetview

It plan foar it bedriuweterrein Sanjesfjild waard yn 2010 opsteld troch de doarpsbelangen fan Oentsjerk en Gytsjerk, sakeklup Trynwâlden en de gemeente Tytsjerksteradiel. Fanwegen de ekonomyske krisis gie it plan it burolaad yn, mar neffens de sakeklup is der no wol ynteresse en binne hast alle kavels ek al reservearre. De gemeente hat yntusken it foarstel publisearre om de bestimming fan de grûn te wizigjen yn in boubestimming, nei alle gedachten wurdt dêr yn juny in beslút oer naam.

Doarpsbelang Oentsjerk hat de gemeente lykwols frege it plan foarearst net út te fieren, omdat de omwenners en doarpsbewenners der no oars tsjinoer stean soene. Der soene ûnder oare soargen wêze oer de ferkearsfeiligens, it miljeu en feroaring fan it lânskip.

Neffens de sakeklup binne boargemaster en wethâlders net meigien yn it fersyk fan doarpsbelang, mei troch reaksjes fan ynwenners fan Oentsjerk en de rest fan de Trynwâlden. "Mede dankzij deze reacties heeft het College van B&W dinsdag besloten niet mee te gaan in het initiatief van het Dorpsbelang Oentsjerk om de plannen voor het bedrijventerrein 'on hold' te zetten", sa skriuwt de sakeklup op syn Facebookside.

(Advertinsje)
(Advertinsje)