FryslânDOK: Kjeld yn 'e loft foar de Sámi, it iennige natuerfolk fan Europa

09 maaie 2019 - 20:33

Yn diel 2 fan 'De grinzen fan Europa' sjocht FryslânDOK op de iuwenâlde Sámi-wintermerk yn Jokkmokk, krekt boppe de Poalsirkel. De Sámi binne mar mei fyftichtûzen minsken. Se hawwe in soad muoite om de eigen wize fan libjen, dy't gearhinget mei it rindierhâlden, oerein te hâlden.

Rindierhâlder Michael Kuhmunen en syn soan - Foto: Omrop Fryslân

Ien fan de grutste problemen is dat it beskikbere lân foar de rindierhâlderij hieltyd fierder fersnipele wurdt, fertelt foarsitter Michael Kuhmunen fan de Sirges Sameby.

Yn dizze grutste foar rindierhâlderij beskikbere regio hawwe de Sámi te krijen mei spoarlinen, mynbou, autodiken en oare minsklike aktiviteiten dy't de romte foar de Sámi beheine. Besit fan lân is folslein yn striid mei de Sámi-filofosy. "Wy fine dat jo allinnich besitte kinne, wat jo meinimme kinne. Lân kinne jo net besitte, beammen allike min. Jo kinne it allinnich brûke en goed efterlitte, sadat jo letter nochris komme kinne."

Spitigernôch foar de Sámi tochten de Sweedske kolonisten en de mynbouwers dêr oars oer. Sy namen stikken lân yn besit dat 'fan gjinien' wie. Sa waard de beskikbere romte foar de Sámi hieltyd fierder beheind.

Klimaatdemonstraasje yn Jokkmokk by in temperatuer fan 19 graden ûnder nul - Foto: Omrop Fryslân

De famylje Sunna yn it Turnedal hat it wol hiel min troffen. Fanwegen in skeel mei de Sweedske oerheid yn de jierren 70 waard harren rindierhâlderij yllegaal ferklearre, mei hûnderten jildboeten en tsientallen rjochtsaken as gefolch. De rindierhâlderij is der noch, mar rjocht om rindieren te hâlden hawwe Anders en syn bern net mear en dat docht sear.

Protestkeunst

Anders Sunna uteret him, net sûnder sukses, yn in foarm fan protestkeunst dy't troch hiel Skandinavië giet. Yn kultureel opsicht lykje de Sámi it goed te dwaan mei in soad muzyk, keunst, moade en ek films yn it Sámi. Mar de stipe en de erkenning foar de Sámi yn Sweden bliuwt beheind ta saken as kultuer en ûnderwiis, want oer it lân dêr't se al iuwenlang tahâlde, hawwe se net folle te sizzen.

De lêste jierren nimt de striidberens by de Sámi wer ta. Dat komt troch nije mynbouplannen, mar benammen troch de gefolgen fan de klimaatferoaring, dy't ek by de Poalsirkel bot te fernimmen is. "De winters binne de lêste jierren o sa ritich", seit rindierhâlder Kuhmunen. "Yn 'e hjerst wikselje strange froast en teiwaar inoar ôf. Jo krije dan in iislaach oer de boaiem, wêrtroch't de rindieren gjin fretten mear fine. Dat hat my al in soad bisten koste."

Klimaatdemonstraasje

Sadwaande is der dit jier foar it earst in klimaatdemonstraasje op de Sámi-wintermerk by in temperatuer fan -19. Kuhmunen demonstrearret sels net, mar hy fynt it wakker moai dat de Saminuorra, de Sámi-jongerein, de motor is achter it protest.

Sámi-protestkeunst fan Anders Sunna - Foto: Omrop Fryslân

De Europeeske Uny en Brussel binne foar de measte Sámi fier fuort. En boppedat: as it jo al net slagget om de eigen belangen te behertigjen yn Stockholm, wat hawwe jo dan yn Brussel te sykjen?

De ûnderfiningen mei de Europeeske Uny binne net al te posityf. Rôfbisten dy't de rindieren oanfalle wurde beskerme, mar de rindieren net. Europeeske subsydzje giet faak nei ynfrastruktuer en wol gauris nei projekten dêr't de Sámi net op sitte te wachtsjen.

Talen fan de natuerfolken

Mar oan de oare kant: 2019 is it jier fan de indigenous languages, de talen fan de natuerfolken. De Europeeske Uny en ek Sweden hawwe wol gauris de mûle fol oer it beskermjen fan Yndianen yn Súd-Amearika, mar hoe past Europa op it iennige natuerfolk dat it kontinint hat?

De Sámi litte harren yn 'e striid advisearje troch professor boargerlike ûngehoarsumens Stellan Vinthagen, dy't earder ek de native Americans advisearre hat by Standing Rock. Hy sjocht kânsen foar de Sámi as it harren slagget om gear te wurkjen mei oare groepen dy't opkomme wolle foar biologysk ferskaat en in duorsume maatskippij.

Dit programma is op sneon- en sneintemiddei te sjen op NPO2 en op snein fan 17.00 oere ôf alle oeren by Omrop Fryslân TV.

(advertinsje)
(advertinsje)