Mear gearwurking nedich foar digitale feiligens

09 maaie 2019 - 20:13

Fryske oerheden en organisaasjes moatte mear mei elkoar gearwurkje oan digitale feiligens. Dat seit lektor digitale feiligens Wouter Stol fan hegeskoalle NHL/Stenden. Al tsien jier docht hy ûndersyk nei hoe feilich it ynternet is en dizze wike wurdt derby stil stien op in grut kongres yn Ljouwert.

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

Op it kongres prate deskundigen fan ûnder oaren plysje, gemeenten en wittenskippers mei inoar oer de gefaren fan de digitale wrâld. It giet dan net allinnich om de rol fan de ynstânsjes dêrby, mar benammen ek oer de rol fan de gewoane brûker. Dy wit faak net hoe feilich of ûnfeilich it ynternetgebrûk is. It giet bygelyks om saken as phishing, wêrby't kriminelen besykje om achter je bankgegevens te kommen.

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

Neffens Stol hie sa'n diskusje tsien jier lyn eins net mooglik west. Doe't er begûn tocht net ien echt nei oer dy digitale feiligens, wylst dat ek doe al wichtich wie. Oerheden yn Fryslân hawwe der yntusken each foar, mar der moatte noch wol konkrete stappen set wurde om it Fryske ynternet feilich te meitsjen, sa seit er. Sa soene de oerheden en bedriuwen mear mei inoar gearwurkje moatte om flaters foar te kommen.

Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

Begjin dizze wike die minister fan finânsjes Wopke Hoekstra in oprop om in minister fan Cybersecurity oan te stellen. Hoewol't Stol dat in goed idee fynt, stekt der ek in gefaar yn. Sa soene oerheden tinke kinne dat dermei de ferantwurdlikens foar digitale feiligens ek by Europa komt te lizzen. Stol pleitet der lykwols foar om benammen te sjen nei je eigen gedrach op ynternet.

Foar NHL/Stenden jildt yn alle gefallen dat der hieltyd mear oandacht foar komt. Sa as bygelyks by de oplieding bestjoerskunde fan de Thorbecke akademy. Dêr wurdt ûnder oaren praten oer saneamde "digitale laaggeletterdheid." Dermei wurdt bedoeld dat minsken de digitale kommunikaasje fan de oerheid net altyd begripe en dêrtroch dingen misse of de risiko's fan bepaalde saken ûnderskatte.

Ferslachjouwer Wytse Vellinga yn petear mei Wouter Stol

(advertinsje)
(advertinsje)