Rubryk Fries Film Archief: Tweintich sjoernaals fan Sjoerd Andringa

09 maaie 2019 - 19:57

Sjoerd Andringa (1921-2017) út Ljouwert wurke jierren by it Friesch Dagblad as fotograaf, mar dat wie net syn iennige passy. As er foar syn foto's Fryslân trochreizge, pakte er ek de filmkamera derby. Dat smiet in unike rige op fan tweintich sjoernalen oer de Fryske aktualiteit tusken de jierren 50 en 90.

Andringa is nûmer acht yn in rige fan bysûndere filmmakkers dy't Fryslân Hjoed portrettearre hat. Syds Wiersma fan it Fries Film Archief nimt alle moannen peareltsjes mei út harren krekt digitalisearre argyf. Sjoerd Andringa heart der ek by. Syn soan Frans fertelt oer him.

"Hy seach yn komposysjes. Dêr wiisde hy my op as ik mei wie. Dan liet hy it my sjen hoe't hy syn foto's makke," fertelt Frans. Hy gong in hiel soad mei syn heit mei en dêr hat hy in soad fan leard. Sjoerd wie ien fan de wichtichste fotografen fan Fryslân nei de oarloch. Mei syn motor reizge hy de provinsje troch en ûntwikkele dernei thús de foto's.

Frans wit alles noch goed an dy tiid. "It wie hiel primityf. Hy ûntwikkele de foto's yn in ferboude sliepkeamer yn 'e hûs. Yn it bad spielden wy dan de foto's en dêrnei gongen wy alle sneonen mei alle 11 bern yn datselde bad." Sa is it fotografearjen der mei de brijleppel yngetten by Frans en is hy ek by it parseburo kaam fan syn heit. No wurket Frans sels ek as parsefotograaf.

Fries Film Archief

It Fries Film Archief hat op it stuit sa'n 13.000 films en fideo's yn de kolleksje. Allegearre materiaal dat yn Fryslân filme is of in relaasje mei Fryslân hat. De kolleksje fan it filmargyf is de ôfrûne jierren groeid omdat it argyf dielnimt oan it Deltaplan Digitalisearring Kultureel Erfgoed. Sa krige it argyf de middels om nije kolleksjes te sammeljen en te argivearjen en in grut part dêrfan te digitalisearjen en foar it publyk tagonklik te meitsjen.

(advertinsje)
(advertinsje)