Jier sel foar dief Yad Vashem medalje

09 maaie 2019 - 19:39

In man út Drachten hat in jier sel krigen foar in rige ynbraken op De Gordyk. De man hat by ien fan dy ynbraken in sulveren Yad Vashem medalje foar help oan joaden stellen en ek kostbere erfstikken.

De rjochtseal yn Ljouwert - Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

De man sei dat er der gjin idee fan hie dat dat guod emosjonele wearde hie. De fertochte hat ek ynbrutsen by in basisskoalle en dêr laptops, in boartersguodklúske en sulveren wikselbekers stellen.

De Drachtster rûn úteinlik tsjin de lampe trochdat er mei in stellen creditcard guod bestelde op ynternet. Ynstee fan dat de pakketbesoarger by him oan de doar kaam, stie de plysje op de stoepe en koe er oppakt wurde.

(Advertinsje)
(Advertinsje)