Fiskerijdagen Harns komt werom op beslút om gemeentlike subsydzje net te akseptearjen

09 maaie 2019 - 19:25

It bestjoer fan de Stichting Visserijdagen Harlingen sil dochs de gemeentlike subsydzje fan 30.000 euro akseptearje. Dat falt te lêzen yn in ferklearring fan de stichting op de webside harlingenboeit.nl. Earder wegere de stichting de subsydzje fanwegen útlittingen fan it VVD-riedslid Gerrit-Jan de Vries.

Foto: Omrop Fryslân

De Vries melde yn de riedsgearkomste fan febrewaris de boeken fan de Stichting Visserijdagen Harlingen yn sjen te wollen, omdat er berjochten krige dat de stichting rekkens net betelle. De stichting frege him dêr bewizen foar. "Die zijn niet overhandigd, omdat er geen enkele sprake is van wanbetaling. Wij voelen ons aangetast in onze goede naam en reputatie, en dit schaadt de Stichting Visserijdagen Harlingen, de Visserijdagen Harlingen, het bestuur en de vrijwilligers", sa stiet yn de ferklearring.

Begjin april hat De Vries, yn it bywêzen fan boargemaster Roel Sluiter fan Harns, de boeken fan de stichting ynsjoen. "De heren vonden alles er goed uitzien en ook de toelichting van de penningmeester was prima", meldt de ferklearring.

De Vries begûn dizze wike yn in gemeentlike gearkomste opnij oer de saak. De stichting skriuwt dêroer: "Wij hadden verwacht en zeker ook gehoopt dat de heer De Vries in de commissievergadering verslag zou doen van deze controle van de cijfers met de toevoeging dat de uitlating rond het niet betalen van rekeningen door de Stichting Visserijdagen op een misverstand berust. Helaas heeft hij dit niet gedaan en dat vinden wij jammer. Maar aangezien hij dit punt niet in zijn verklaring heeft benoemd, vatten wij dit op als goedkeuring van het financiële beleid en beschouwen wij dit punt als afgedaan."

Sechstichjierrich-bestean

Dat de stichting no dochs de gemeentlike subsydzje akseptearret hat te krijen mei de fiering fan it sechstichjierrich bestean dit jier. "Daar willen we een topfeest van maken. In het belang van Harlingen en de Harlingers. Van de eigen inwoners, ondernemers en de vele duizenden mensen die de Visserijdagen bezoeken. Daarom hebben wij besloten de gemeentelijke subsidie te aanvaarden en te benutten om onvergetelijke Visserijdagen 2019 neer te zetten."

(Advertinsje)
(Advertinsje)