Ald en nij komme by inoar yn beursgebou foar fakulteit Ljouwert

09 maaie 2019 - 19:20

Nei 16 moannen ferbouwen is it âlde Beursgebou hielendal klear foar de fakulteit Ljouwert fan de Universiteit Groningen. De bûtenmuorren fan it Ryksmonumint binne hielendal yn âlde styl holden en binnen is alles just hiel modern ynrjochte.

Foto: Omrop Fryslân, Jeroen Boersma

"100% âld en 100% nij", sa't arsjitekt Kees de Haan fan J.O.N.G. architecten it útleit. Fan septimber ôf moatte studinten der terjochte kinne, mar al op 7 juny is der in iepen hûs foar belangstellenden.

Der moast in soad oan it gebou barre. Hjirfoar wie it it thús fan de biblioteek fan Ljouwert. De ynrjochting wie sa oars dat it gebou fan binnen earst hielendal stript is. Dêrnei is begûn mei it opbouwen fan saneamde kubussen yn it skelet fan it âlde gebou. Dêrtroch stiet it moderne ynterieur los fan it âlde skelet en wurdt it ferskil tusken de twa noch dúdliker.

Dêrneist is der in soad dien oan duorsumens. It Beursgebou komt út 1880 en it hat as ryksmonumint in beskerme status, dus enerzjysunich is it perfoarst net.
Om de âlde ruten binne nije hinne setten, wêrtroch't it âlde gefoel net fuort giet, mar it wol in stik better isolearre is.

Ek is der oeral in ekstra grouwe flier op de âlde grûn kommen, om mear waarmte binnen te hâlden. It gebou is dêrby hielendal elektrysk, mei ûnder oare 362 sinnepanielen op it dak. Fan kommend skoaljier ôf moat it gebou romte biede oan 1.000 studinten en stêf.

(Advertinsje)
(Advertinsje)