Gerrit Fokkema wie in man mei in missy

De lêste noch libjende finzene dy't yn de oarloch troch it ferset befrijd waard by de oerfal fan de Blokhûspoarte yn Ljouwert, is ferstoarn. Gerrit Fokkema waard 95 jier. Oant twa moannen lyn joech Fokkema noch rûnliedingen yn de Blokhûspoarte. Ald-konservator fan it Fries Verzetsmuseum, Hans Groeneweg, koe him goed: "Vreselijk jammer dat we zijn verhaal nu moeten missen."
Tafelpetear Fokkema
Yn 1944 waard Fokkema troch de Dútsers fêstset yn de Blokhûspoarte en hy waard op 8 desimber troch it ferset befrijd. Fokkema prate nei de oarloch faak oer wat him oerkaam wie. "Ik hâld in kear op mei fertellen", sei Fokkema earder. "Minsken moatte witte wat der bard is yn de oarloch. It is in missy fan my wurden." Sa beskriuwt Hans Groeneweg him ek: "een man met een missie."
Fokkema wie ien fan de 51 finzenen yn de Blokhûspoarte. Hans Groeneweg fertelt dat Gerrit mei syn heit en oare famylje yn ien sel opsluten siet. "Ze werden verdacht van het verspreiden van illegale krantjes. Ze zaten in afwachting van wat er met hen zou gebeuren. In de oorlog betekende in de gevangenis zitten gewoon dat je je leven niet meer zeker was."

Strangere maatregels

Yn de lêste moannen fan de oarloch waarden de maatregels fan de besetter hieltyd stranger. Der wie willekeur, gaos en minsken waarden al gau deasketten. De kâns wie grut dat je net libjend út de finzenis komme soene. Dat tocht Fokkema ek. "Toen ze werden opgehaald waren ze totaal verbijsterd dat ze niet door de bezetter werden opgehaald om doodgeschoten te worden, maar dat er een verzetsman stond. Dat is overweldigend geweest. Het was een ongelooflijk gevoel voor hem."

Befrijing

De befrijing wie op 8 desimber 1944. It wie ien fan de meast spektakulêre aksjes fan it ferset, om't it net faak foarkaam dat se minsken út de finzenis te hellen, sûnder dat der in sketten waard. It hie hiel oars ôfrinne kinnen. "De represailles hadden verschrikkelijk kunnen zijn als er een Duitser was doodgeschoten. Het was oog om oog, tand om tand. Dan waren er waarschijnlijk op een willekeurige plek in Fryslân mensen doodgeschoten", fertelt Groeneweg.
Wêrom't der hielendal gjin represailles fan de Dútsers kamen, dêr wikselje de ferhalen oer.

Ferhaal trochjaan

No't Fokkema der net mear is, wurdt it ferhaal dochs noch trochjûn. Dêr hat er sels foar soarge troch him filmje te litten en syn ferhaal sa faak te fertellen, likegoed yn de Blokhûspoarte as dêr bûten. "Het is vreselijk jammer dat wij zijn verhaal nu moeten missen. Er zijn heel veel dingen gebeurd in de oorlog, maar deze actie was bijzonder. Het verhaal blijft, maar de mensen niet meer", beslút Groeneweg.