Noch moannen wurk oan restauraasje histoaryske slûs fan Dokkumer Nije Silen

Der wurdt hurd wurke oan de restauraasje fan de histoaryske spuislûs fan Dokkumer Nije Silen. De elektryske en meganyske ynstallaasje wurdt fernijd en ek it mitsel- en skilderwurk wurdt dien. Yn de jierren 60 hat de slûs foar it lêst grut ûnderhâld hân en wie wol oan fernijing ta.
Slûs Dokkumer Nijesilen
De 300 jier âlde slûs hat noch hieltyd in wichtige funksje yn it wettersysteem. Eartiids wie it in skutslûs; doe lei Dokkum noch yn iepen ferbining oan see. Hjoed-de-dei is it in spuislûs. In grut part fan it Fryske wetter wat oertallich is, wurdt ôffierd nei de Lauwersmar dy't efter de slûs leit. Dêrnei giet it wetter nei it waad.
De slûs hat trije kolken. Elke sekonde giet der 54 kúb wetter trochhinne. "Hiene we de slûs net, dan holden wy gjin drûge fuotten yn Fryslân", fertelt Hein de Jong fan Wetterskip Fryslân.
De Jong fynt it bysûnder dat in slûs út 1729 noch hieltyd sa belangryk is. It is it âldste objekt dat it wetterskip yn ûnderhâld hat. Yn de ein fan 2019 moatte de wurksumheden klear wêze.
Ferslachjouwer Bauke Deelstra by Dokkumer Nije Silen