Spannende dagen foar jongerein: de eksamens binne begûn

09 maaie 2019 - 17:21

It binne spannende dagen foar in soad jongeren. De gymsealen binne omtsjoend ta klasselokaal, de telefoantsjes wurde yn in bak sammele: de eksamens binne begûn. Tongersdeitemoarn moasten learlingen dy't Gryksk en filosofy hiene al oan de bak. Op it Liudger Kolleezje yn Drachten waard de stimming preaun.

De eksamensekretaris, Peter van der Peppel, hat elke kear in bytsje spanning as de eksamens wer begjinne, mar wol positive spanning. "Je werkt met zijn allen naar een eindresultaat toe. Filosofie was het eerste examen en als de kop eraf is en het loopt lekker, dan ben je altijd wel opgelucht."

De skoalle wol dat de organisaasje fan it ôfnimmen fan de eksamens goed rint, mar fansels ek dat de learlingen it goed dogge. "Je wil dat mensen een goed resultaat hebben. Als je het organisatorisch goed voor elkaar hebt, en ik denk dat dat bij ons zo is, dan heb je ook meer kans dat de resultaten goed zijn. Dat geeft rust naar de kandidaten toe."

Foto: Omrop Fryslân, Bauke Deelstra

Dat in goede organisaasje rêst jout, koene twa fan de learlingen dy't tongersdei as earste op it Liudger kolleezje eksamen dien ha befêstigje. Earst wiene se wol in bytsje senuweftich, mar it wie allegearre goed regele. "It wie oersichtlik en it waard dúdlik útlein. Kinst yn alle rêst dyn eksamen meitsje", seit Sytze. Doe't se ienkear begûn wiene, gie de spanning ek fansels wol in bytsje fuort.

Eksamens op it Liudger

(Advertinsje)
(Advertinsje)