Dochs noch in Avondvierdaagse yn Bûtenpost

09 maaie 2019 - 16:57

De Avondvierdaagse fan Bûtenpost kin dochs trochgean. Woansdei makke de organisaasje bekend dat de edysje fan dit jier oergean moast, om't der te min frijwilligers wiene om de kuierjûnen te begelieden. Yntusken binne der safolle minsken dy't sein hawwe helpe te wollen, dat de Avondvierdaagse oer twa wiken dochs noch trochgean kin.

Foto: Avondvierdaagse Bûtenpost

De organisaasje fûn it spitich dat de bern teloarsteld wurde moasten. Der binne alle jûnen tusken de 15 en de 20 minsken nedich dy't ynstean kinne foar de feilichheid fan de 400 dielnimmers. En dy minsken wiene der net.

Ferskate media hawwe it nijs fan it net-trochgean nei bûten brocht, wêrûnder Omrop Fryslân. Dêrnei wiene der wol minsken te finen foar de begelieding. Dietha Paauw fan de organisaasje Avond4Daagse Buitenpost jout oan 'ontzettend blij en trots' te wêzen.

Moandei ferfalt

Wol is der ien wiziging: de moandei komt te ferfallen. Der wurdt no fan tiisdei 21 oant en mei freed 24 maaie rûn, mei de start eltse dei tusken 17.45 en 18.00 oere.

(Advertinsje)
(Advertinsje)