Marlene Postma royearre as riedslid GrienLinks Weststellingwerf

09 maaie 2019 - 16:51

It lanlik partijbestjoer fan GrienLinks hat riedslid Marlene Postma fan GrienLinks yn Weststellingwerf royearre. Dat meldt it bestjoer fan de ôfdieling Weststellingwerf. Postma wie earder fraksjefoarsitter, mar de partij besleat har in heal jier lyn út dy funksje te setten omdat se net bringe soe wat der fan har ferwachte waard.

Foto: ANP

Der ûntstiene problemen omdat Postma wegere it foarsitterskip del te lizzen, wylst GrienLinks in oare fraksjefoarsitter nei foaren skode. De partij hat besocht om it konflikt op te lossen, mar dat slagge net. It lanlike partijbestjoer hat Postma no royearre op grûn fan in artikel yn de statuten dat giet oer it tabringen fan ûnreedlike skea oan de partij.

Postma sei earder dat se unanym troch de leden keazen is as listlûker en dat se dêr foar de minsken sit dy't har betrouwe.

Postma wol mei de steunfraksje, dy't achter har stiet, oerlizze oer de situaasje. Se tinkt dat de kâns grut is dat se yn berop giet tsjin it beslút fan it haadbestjoer: "Dat is zonder hoor en wederhoor genomen, dus ik denk dat we daar nog wel wat aan gaan doen", seit Postma.

(advertinsje)
(advertinsje)