Grutte kâns datsto dizze 5 ferneamde Friezen net kenst

Grutte kâns datsto sporters lykas Sven Kramer of kabaretier Jan Jaap van der Wal wol kenst. Dy Friezen binne faak te sjen op telefyzje en te hearren op de radio. Mar hasto ek wolris heard fan Sylvana IJsselmuiden of Joost Klein? Yn dit artikel stelle wy dy foar oan fiif Friezen dy't tige ferneamd binne op sosjale media.
Akke Marije Marinus
Akke Marije út Boarnwert kenst miskien wol as winner fan it programma Holland's Next Top Model. Sûnt Akke Marije it programma wûn hat, stiet se by ferskate grutte ynternasjonale modelleburo's ûnder kontrakt.
Foto's fan har libben en har wurk as model set se geregeld op Instagram, dêr't se ûndertusken hast 80.000 folgers sammele hat. Neist har modellekarriêre is Akke Marije fanatyk fuotbalster, al hoopje de modelleburo's al dat se net te folle blauwe plakken oprint.
Twan Kuyper
Hy hat mear as 1,2 miljoen abonnees op YouTube en mear as 6,8 miljoen folgers op Instagram. De 24-jierrige Ljouwerter is bekend wurden troch it sosjale medium Vine. Vine is in platfoarm dêr't minsken lytse, meastentiids grappich bedoelde filmkes pleatse fan in pear sekonden.
De vines fan Twan skoarden sa goed dat se al gau dield waarden op oare platfoarms lykas Twitter en YouTube en dat der in trouwe groep folgers ûntstie dy't alles fan Twan folget. Yntusken wennet de Fries yn Amearika en makket hy benammen filmkes foar publikaasje op YouTube. Oare bekende YouTube-stjerren lykas Lele Pons en Juanpa Zurita binne ek geregeld te sjen yn syn filmkes.
Rens Kroes
De yn Eastermar opgroeide 'foodblogger' Rens Kroes (en sus fan Doutzen) dielt fia Instagram en YouTube sûne resepten en lifestyle-advizen. Har resepten binne ek offline te finen yn de fiif itensiedersboeken dy't se skreaun hat. Op Instagram hat se stadichoan sa'n 367.000 folgers dy't meismulle fan de gerjochten dy't se makket en pleatst.
Ek jout se gauris updates út har eigen libben. Har bekendheid op sosjale media hat deroan bydroegen dat se tsjintwurdich ek op telefyzje te sjen is. Sa docht se op it stuit mei oan it sjongprogramma It Takes 2.
Joost Klein
De 21-jierrige Joost Klein út Ljouwert waard ferneamd op YouTube ûnder de namme EenhoornJoost. Hy pleatste earst benammen grappich bedoelde filmkes op YouTube oer de saken dy't hy meimakke yn syn libben. Doe't er mear bekendheid, krige begûn hy ek mei it pleatsen fan rapfideo's.
Mei hast 200.000 folgers op YouTube en troch de gearwurking mei de al bekendere rapper Donnie waard syn muzyk al fluch goed beharke ûnder de jongerein. It ôfrûne jier stie Joost ûnder oare op de festivals Lowlands, Paaspop en op it Noardewyn-poadium by it Befrijingsfestival yn Ljouwert. Ek hat er spile yn ferskate grutte poppoadia.
Sylvana IJsselmuiden
Sylvana út Ljouwert hat op Instagram 164.000 folgers. Har grutte bekendheid hat se benammen te tankjen oan har rol as 'Reetmeister' by filmkeswebside Dumpert. Op Dumpert kin elkenien grappige of nuvere ynternetfilmkes uploade. In kompilaasje fan de bêste filmkes fan de wike wurde sammele en besprutsen by de populêre fideosearje DumpertReeten, dêr't Sylvana ien fan de presintatoren is.
Ek presintearret Sylvana de Autobahn F1 Show foar it online autotydskrift Autobahn. Op Instagram dielt Sylvana ek in protte foto's en filmkes út har priveelibben. Har foto's wurde meastentiids mear as 25.000 kear 'liked' troch har folgers.
It is fansels tige nijsgjirrich om te witten werom't jongerein sa graach nei dizze 'influencers' sjogge en harren folgje. Anne van Meerveld is saakkundige op it mêd fan nije media en leit hjir út hoe't it kin dat dizze minsken sa populêr binne op de socials.