Keeper Mous noch ûnwis by Cambuur foar wedstriid tsjin Almere

10 maaie 2019 - 09:01

It is noch ûnwis oft keeper Xavier Mous spylje kin yn de earste wedstriid fan de play-offs fan Cambuur tsjin Almere City. Mous foel yn de wedstriid tsjin FC Twente ferline wike út mei in blessuere oan de boppeskonk.

Neffens de keeper hat de medyske stêf der alles oan dien om de keeper op tiid fit te krijen. "Dat betekent dat je er 24 uur per dag mee bezig bent om weer fit te worden", sa sei Mous nei de training tongersdei.

De keeper die bepaalde dingen wol mei op de training, mar freed sil in lêste test útwize moatte oft hy fit genôch is om te spyljen. En fit betsjut ek fit: "Het is een spierblessure, dus je moet daar mee uit kijken. Dinsdag is de beslissende wedstrijd van de eerste ronde. Je moet soms ook wat verder kijken."

Trainer René Hake moat ek noch besjen oft hy sintrale ferdigener Matthew Steenvoorden wol opstelle kin. Ek Steenvoorden hat lêst fan in blessuere oan de boppeskonk. Neffens Steenvoorden sels kin hy wol spylje. Robbert Schilder hat noch altyd wat lêst fan syn tean, mar Hake ferwachtet dat de oanfierder gewoan spylje kin. It is ek noch net wis oft Van Kippersluis of Kallon yn de basis begjint.

Ze hebben tegen Jong Ajax (8-0 ferlies) wel een tikje gehad. De vraag is hoe ze daar uitkomen.

René Hake

Op de tsjinstanner fan freed, Almere City, reagearret Hake hiel lakonyk: "Tja, gewoon: een tegenstander. Ze hebben de vierde periode gewonnen en zitten dus in het goede gevoel. Maar ze hebben tegen Jong Ajax (8-0 ferlies) wel een tikje gehad. De vraag is hoe ze daar uitkomen."

Yn de kompetysje ferlear Cambuur twa kear fan Almere City. Thús waard it 0-1 en yn Almere 2-1 foar de polderbewenners. "Het ligt dicht bij elkaar", seit Hake. "Individuele spelers kunnen het verschil maken."

Hake sjocht benammen nei syn eigen ploech. "We hebben in de competitie twee keer nipt verloren. Het zit dicht bij elkaar. Het gaat er ook om hoe we zelf voetballen en daar hebben we een plan voor. In samenwerking met het publiek moet dat goed uitpakken."

Hake wol net wiidweidich fertelle wat syn plan is, mar wol dit der wol oer kwyt: "Die 8-0 nederlaag tegen Jong Ajax is iets waar we niet alleen naar moeten kijken, maar die wedstrijd liet wel zien waar Almere kwetsbaar is. Tussen de linies, daar liggen de kansen voor ons. Als wij dat net als Ajax goed doen, dan krijgen we kansen."

Op de fraach oft earst thús spylje in foardiel is antwurdet de trainer op karakteristike wize: "Ach, het wordt in de tweede wedstrijd beslist hè. Maar ik vind het prima dat we eerst thuis spelen. We moeten dan een goede uitgangspositie zien te creëren voor dinsdag Je moet gewoon zorgen dat je goed bent. Wij gaan met een goed gevoel de play-offs in".

(advertinsje)