Hendrik Algrawei definityf ticht. No echt.

De trochgeande rûte fia de Hendrik Algrawei by Goutum wurdt op 12 july definityf ôfsletten. De fysike ôfslutingen komme by de oansluting fan it Fries Landbouwmuseum by de Overijsselselaan en by de spoartunnel by de Newtonlaan. It stik fan de Hendrik Algrawei tusken it spoar en de Newtonwei bliuwt iepen foar it lânbouferkear.
© Google Street View
De dyk soe al earder ôfsletten wurde, nammentlik nei de iepening fan de Heak om Ljouwert. Troch fertraging by oare wurksumheden slagge dat doe net. Dêrnei soe de dyk yn desimber fan 2017 ticht, mar omwenners makken beswier.

Definityf ticht

Troch lytse oanpassingen op it beslút fan desimber 2017 te dwaan, tinkt de gemeente Ljouwert dat de dyk no definityf ticht kin. De eardere beswiermakkers ha noch wol de gelegenheid om wer yn berop te gean tsjin it beslút.
Nei de ôfsluting kin de gemeente úteinsette mei de wurksumheden oan it nije stedsdiel Middelsee.
De nije wyk Middelsee leit súdlik fan it Van Harinxmakanaal, tusken de Oeriselseleane en it spoar tusken Ljouwert en Zwolle. Neffens de planning wurdt der takom jier begûn mei it klearmeitsjen fan de grûn. Yn 2020 moat de bou begjinne. De wyk Middelsee wurdt net op it ierdgasnet oansletten. De wenningen binne enerzjysunich.