Nei goed twa jier ynhâldlike behanneling sjitpartij Thialf

09 maaie 2019 - 15:17

Nei goed twa jier sille de rjochters fan de rjochtbank Ljouwert harren freed bûge oer de sjitpartij by iisstadion Thialf op it Hearrenfean. Op 7 jannewaris 2017 waard ûndernimmer Bert Jonker dêr besketten nei in jûn op it EK-sprint en allround reedriden. Neffens de plysje hie de sjitpartij te krijen mei in saaklik skeel tusken Jonker en de fertochte Charles van der W.

Oer wat der op it parkearterrein fan Thialf krekt bard is, rinne de ferklearringen útein. It ferhaal fan Bert Jonker is dat fertochte Charles van der W. op syn auto ôfkaam en besocht efteryn te stappen. Om't de doar op slot siet, slagge dat net.

Der soe sketten wêze wêrnei't Jonker fol gas joech en besocht út te naaien. Hy rekke dêrby ferwûne oan syn hân. Charkes van der W. sloech op 'e flecht en wie in skoft net te finen. Hy is oppakt yn Spanje.

It ferhaal fan de fertochte

Charles van der W. fertelt lykwols in hiel oar ferhaal. Hy seit dat Jonker in pistoal hie. De beide manlju soene earst in petear hân hawwe, wêrnei't Jonker it pistoal luts. De fertochte soe it ôfpakt hawwe en op it momint dat Jonker yn syn auto útnaaide, soe it ôfgien wêze.

It pistoal sels is nea fûn. De fertochte hie wol ferklearre wêr't hy it fuortsmiten hat, mar de plysje hat it net fine kinnen.

Advokaat Tim Vis fan de fertochte seit dat der lang net genôch bewiis is dat der wier sketten is. Der binne neffens him gjin spoaren fûn.

Moard en ôfparsjen

Bert Jonker en syn advokaat Hans Anker fine it ferhaal fan de fertochte 'ûnsin'. Charles van der W. wurdt fertocht fan poging ta moard en ôfparsjen. Hy soe mei bedriging en geweld Jonker twongen ha om jild ôf te stean.

(Advertinsje)
(Advertinsje)