Neiboud Fikingskip lûkt oandacht yn nije eksposysje yn Fries Museum

09 maaie 2019 - 14:50

In Fikingskip op wiere grutte is de 'blikfanger' fan in nije tentoanstelling yn it Fries Museum. Op dit stuit wurdt it skip boud troch learlingen fan de Friese Poort yn Snits. Se binne al sûnt oktober oan it timmerjen, mar der moat noch in soad dien wurde.

"It sil slagje, al is it bêst yngewikkeld om sa'n skip nei te bouwen", seit Marijn Sjouke dy't mei tsien meilearlingen it skip ynelkoar set. De tentoanstelling oer de Noarmannnen is fan 19 oktober te sjen yn it museum.

It skip is in kopy fan in eksimplaar dat fûn is flakby Rothskilde yn Denemarken. De learlingen fan de Friese Poort krigen ynformaasje en tekeningen fan Søren Nielsen fan it Vikingeskibsmuseet (Fikingskipmuseum) yn Roskilde. Nielsen bout yn Denemarken tradisjonele Fikingskippen en kaam yn desimber foar in gastles nei ROC De Friese Poort yn Snits.

Museumdirekteur Kris Callens: "Deze samenwerking past in onze inspanning om meer te betekenen voor de grote groep leerlingen in het MBO. Vakmensen zijn namelijk essentieel voor onze samenleving. Mooi dat het museum een inspiratiebron voor deze studenten is om bijzondere dingen te maken."

De Fikingen wennen yn Denemarken, Sweden en Noarwegen. Yn de 9e iuw begûnen se mei harren rôftochten op de kusten fan Ingelân en Frankryk, mar ek Nederlân. Se stiene bekend as moardners, plonderers en ferkrêfters. Mar neffens Daniël Hoogterp dy't de tentoanstelling oer de Fikingen gearstalt, is dat te koart troch de bocht. "Er is meer dan moord en doodslag. Ze dreven ook handel, bijvoorbeeld met de Friezen."

Bekend binne de Fikingen om de seefeart. Se bouden seeweardige skippen dy't net djip yn it wetter stutsen. Sa koene se maklik de rivieren op farre, it lân yn. Boppedat binne de smelle skippen oan de foar- en achterkant gelyk, sadat se gau flechtsje koene.

Ferslachjouwer Auke Zeldenrust seach yn de bouloads

(Advertinsje)
(Advertinsje)