PvdA De Fryske Marren wol 'Stroffelstiennen' foar 75 jier Befrijing

De PvdA-fraksje freget oan it kolleezje om saneamde 'Stroffelstiennen' yn gemeente De Fryske Marren. Dy tinktekens soene der neffens de fraksje yn 2020 lizze moatte, 75 jier nei de Befrijing van Nederlân.
© Omrop Fryslân, Simone Scheffer
De Stroffelstiennen moatte de minsken fan hjoed-de-dei tinken dwaan oan de slachtoffers dy't de Twadde Wrâldoarloch fallen binne yn de striid tsjin de Dútske oerhearsking. It giet om betonnen stiennen mei in messing plaatsje fan 10 by 10 sintimeter mei de namme, bertedatum, deportaasjedatum en ferstjerdatum.
"Hen te gedenken in ons straatbeeld is een blijvende herinnering aan die slachtoffers", jout Wietze de Haan fan de PvdA oan.
It projekt is betocht troch de Dútske keunstner Gunter Demnig, hy hat se 'Stolpersteine' neamd om't it minsken mei harren holle en hert stroffelje litte moat. Se binne troch hiel Europa te finen.

Stroffelstiennen yn Fryslân

Yn acht Fryske gemeenten lizze al Stroffelstiennen: Harns, Noardeast-Fryslân, Eaststellingwerf, Opsterlân, Smellingerlân, Súdwest-Fryslân, Waadhoeke en Weststellingwerf. It giet om tolve, benammen wat gruttere plakken. Neffens de PvdA De Fryske Marren soene der no yn harren gemeente ek stiennen komme moatte.
Stichting Dorpsbehoud Lemmer soe al belutsen wêze by it inisjatyf. De tinktekens moatte op de trottoirs komme fan eardere hûzen fan minsken dy't ea troch de nazy's ferdreaun, deportearre, fermoarde of ta selsmoard dreaun binne. It giet bygelyks om Joaden, politike finzenen en tsjinstwegerers.
Neist de stiennen sjocht fraksjefoarsitter De Haan graach dat der in lesbrief of in tentoanstelling yn gearwurking mei de biblioteken komt, om dit oan de skoallen yn de gemeente oan te bieden.