LTO komt mei toetsingskader foar geitehâlderijen

09 maaie 2019 - 14:47

Lânbou-organisaasje LTO Melkgeitenhouderij wol mei in saneamd toetsingskader foar geitehâlderijen komme. De lânbou-organisaasje seit dat nei petearen mei omwenners fan geitehâlderijen en organisaasjes op it mêd fan biste- en folkssûnens. It op grutte skaal hâlden fan geiten stiet yn ús lân ûnder druk.

Pleatsen mei in soad geiten soene de boarne wêze fan Q-koarts - Foto: ANP - Foto: ANP

Yn dat toetsingskader moatte de rânebetingsten stean dêr't geitehâlderijen oan foldwaan moatte. Op dy wize wol de LTO de wjerstân tsjin de bedriuwstak fuortnimme. De lânbou-organisaasje wol dat der wer draachflak komt foar geitehâlderijen yn ús lân, no't der yn njoggen provinsjes sprake is fan in 'geitestop'.

Geitestop yn ferbân mei de folkssûnens

Yn febrewaris kaam de provinsje Fryslân ta in ferbod op it útwreidzjen en de fêstiging fan geitehâlderijen yn ús provinsje, in saneamde 'geitestop'. De provinsje naam de maatregel yn ferbân mei de folkssûnens, op advys fan de GGD.

Ien fan de oanliedingen foar de tydlike stop wie in rapport fan it RIVM, it Rijksinstituut voor Volksgezondheid en Milieu. Dêryn waard konkludearre dat omwenners fan geitehâlderijen folle faker lêst hawwe fan longûntstekkingen.

Trefwurden: 
geitehâlderijen geitestop
(advertinsje)
(advertinsje)