Irona Groeneveld en Roel de Jong nije wethâlders yn De Fryske Marren

09 maaie 2019 - 14:07

Irona Groeneveld (GrienLinks) en Roel de Jong (PvdA) binne de twa nijste wethâlders fan De Fryske Marren. Sy ferfange de FNP'ers Durk Durksz en Durk Stoker, dy't fuort moasten nei argewaasje in de koälysje oer sânwinning yn de Iselmar.

Beide wethâlders moasten it fjild romje, omdat der neffens de fraksjes fan it CDA en VVD in fertrouwensbreuk wie mei de fraksje fan de FNP, nei't dy tsjin sânwinning yn de Iselmar stimde. Dat wie neffens de oare twa partijen tsjin de ôfspraken.

Nije koälysje nedich yn De Fryske Marren

Om't it CDA en VVD net mear fierder woene mei de FNP, moasten se op syk nei in oare partner yn de koälysje. Dêrby sei fraksjefoarsitter Jan van Zanden fan it CDA earder yn it Polytburo dat hy in sa breed mooglik kolleezje foarmje woe.

Fraksjefoarsitter Jan van Zanden fan it CDA

PvdA en GrienLinks nimme it plak fan de FNP yn it kolleezje fan De Fryske Marren no oer. Tongersdeitemiddei hawwe de belutsen partijen it nije kolleezje-akkoart presintearre. It hat de titel 'De takomst temjitte' meikrigen.

It nije koalysje-akkoart fan De Fryske Marren - Foto: Omrop Fryslân, Wytse Vellinga

It akkoart is in akkoart op haadlinen, wêrfan't de details troch de rie ynfolle wurde kinne. De partijen hawwe fiif jûnen nedich hân om ta it akkoart te kommen. Ien fan de opfallende punten yn it akkoart is it oanstellen fan in miljeuwethâlder.

Irona Groeneveld fan GrienLinks

(advertinsje)